Suksesfolle fúzje Univé

21 sep 2010 - 22:22

De fúzje fan de Fryske tak fan Univé fersekeringen mei dy fan Drinte en Oerisel is suksesfol. Dat docht bliken út de healjier sifers fan Univé Dichtbij, sa hjit de maatskippij no.

It earste healjier is in winst makke fan 1,3 miljoen euro. De prognoaze foar it folsleine jier is 2,3 miljoen. Dat is minder as de ferwachte 3 miljoen euro, mar dat komt om't der faker útkeard wurde moast troch in pear grutte brannen en gefallen fan wetteroerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)