Begjinnende brân Sisa Grou

03 apr 2012 - 10:45

It kantoar fan berne-opfang Sisa yn Grou hat tiisdeitemoarn koarte tiid ûntromme west. Tsjin healwei alven begûn der wat te smeulen yn de spoumuorre, mooglik troch laskwurk. De 33 meiwurkers moasten dêrop it gebou út.

Koarte tiid letter koene se werom, omdat der net echt brân ûntstie. By de helpferliening waard ûnder oare de brânwacht fan Grou ynskeakele.

Trefwurden: 
Grou Sisa
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)