Hooghiemster hat nije ploech

René Hooghiemster wint yn juny dit jier de Parel fan de Veluwe (sportfoto.nl)
René Hooghiemster rydt yn it nije seizoen foar it Ubbink-Koga Cyclingteam. Der treft de 24-jierrige Drachtster hurdfytser ek de Friezen Jenning Huizenga en Sipke Zijlstra. De nije ploech hat as prioriteit it baanhurdfytsen. Mar om goed op de baan te riden wurdt der ek in folslein programma op 'e dyk fytst.
As it baanhurdfytsen Hooghiemster leit, sil hy him rjochtsje op de nasjonale efterfolgingsploech.