Miljonêr yn kasino Ljouwert

21 sep 2010 - 17:56

Yn it Holland Casino yn Ljouwert is foar it earst in besiker miljonêr wurden. Ofrûne snein wûn in echtpear by ien fan de automaten in bedrach fan goed 1,2 miljoen euro. Se wûnen dat troch krekt foar slutingstiid 3,75 euro yn de automaat te goaien.

De priiswinners wolle anonym bliuwe. Wol is bekend makke dat se út de provinsje Oerisel komme. Dizze jackpot wie heger as de foarige dy't yn Grins foel. Yn augustus wûn in frou dêr 1,1 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)