Brulboei-oargel by Starum

21 sep 2010 - 17:16

Op de Iselmar by Starum is tiisdei in nagelnij ynstrumint presintearre, in saneamd brulboei-oargel. It oargel is in idee fan Hoite Pruiksma. De lûden en it ritme wurde bepaald troch de golven fan de mar. It oargel leit sa'n 100 meter út de kust en sjocht der út as in keppel swarte skoarstiennen dy't boppe wetter útstekke.

Op 6 oktober wurdt der in foarstelling mei it oargel jûn, dêrnei wurdt der in fêst plak foar it brulboei-oargel socht, om toeristen te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)