Makkumer megajacht haven út

21 sep 2010 - 15:08
  • dêr giet er...........
  • .... de haven út (foto's: André Minkema)

In megajacht fan 88 meter lang hat fan 'e moarn Makkum ferlitten. De boat is de lêste oardel jier ôfboud by De Vries Scheepsbouw yn Makkum en makket de kommende tiid op de Noardsee in tal proeffearten. Yn Makkum leit alwer in kasko klear, ek fan 88 meter lang. Dat wurdt de kommende tiid ôfboud.

It jacht is 88 meter lang, 13,5 meter breed en hat in djipgong fan mear as 4 meter. Neffens De Vries Scheepsbouw is dat it grutste jacht dat oait yn Makkum boud is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)