Doek falt foar Windmill Cup

Der komt yn 2011 gjin Windmill Cup yn Ljouwert. De organisaasje fan it ferneamde ynternasjonale tennistoernoai foar jeugd oant en mei 14 jier kin de finânsjes net mear rûn krije. De nekslach is it ferbod fan de ynternasjonale tennisfederaasje om dielnimmers by gastgesinnen ûnder te bringen. De bern moatte tenei yn hotels. Dat kostet 20.000 euro ekstra en dat kin de organisaasje net oan.
En dus komt der nei 20 jier in ein oan it evenemint.