Feroarings by WoonFriesland

It sykjen en finen fan wenningen by wenningboukorporaasje WoonFriesland sil fan 13 oktober ôf bot feroarje. Dan yntrodusearret de korporaasje in folslein nije webside. De âlde webside is nammentlik folslein út de tiid. Op de nije webside kin folle spesifiker socht wurde nei wenningen.
Minsken dy't ynskreaun steane, moatte har opnij ynskriuwe, oars ferlieze se har rjochten. Se krije der 12 oktober post oer hoe't se dat dwaan kinne. Sy ha der seis wiken de tiid foar.