Stellerij op De Lemmer

De plysje siket tsjûgen fan stellerij yn in supermerk oan de Stasjonswei op De Lemmer, dy't moandei west hat. In man hâlde in meiwurker oan de praat, wylst twa oare manlju nei it magasyn giene en dêr sigaretten klearsetten. It wie de bedoeling om dy mei te nimmen, mar omdat it personiel dat yn de gaten krige, slagge dat net. De trije manlju naaiden út yn de rjochting fan it parkearplak.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe om har te melden.