Ynbrekker yn trein oppakt

21 sep 2010 - 10:04

De plysje hat moandeitejûn op it stasjon fan Mantgum in 29-jierrige Ljouwerter oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan in poging ta ynbraak. Dat wie by in hûs oan It Hiem yn Mantgum. In buorman seach hoe't de fertochte besocht in rút iepen te brekken, wylst de bewenners net thús wiene. Doe't de ynbrekker de buorman seach, naaide er út.

Fia in Burgernetaksje koe de man op it stasjon fan Mantgum oanhâlden wurde. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)