GrienLinks kiest listlûker

21 sep 2010 - 07:47

Angeline Kerver is de listlûker foar GrienLinks yn de nije fúzjegemeente yn Súdwest-Fryslân. Kerver is op dit stuit fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Snits. Bas Gerdingh, fraksjefoarsitter yn Boalsert, is de nûmer twa op de list. De nûmer trije is Peter Kranendonk fan Wâldsein.

De gemeenteriedsferkiezings yn Súdwest-Fryslân binne op 24 novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)