Fryske húsdokters skokt

20 sep 2010 - 22:08

De Feriening fan Fryske húsdokters is skokt dat in húsdokter yn Aldegea (Smellingerlân) sûnder ferplichte registraasje wurke hat. Neffens de feriening hat de man dat njoggen jier folhâlden. Om yn it saneamde BIG-register te bliuwen moat in húsdokter bewize dat er de medyske ûntwikkelings folget.

No't bliken docht dat it systeem net wetterticht is, wolle de Fryske húsdokters dat de soarchfersekerders stranger kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)