Trije otters nei Alde Feanen

20 sep 2010 - 19:13

By Earnewâld komme tydlik trije jonge otters yn in opfangplak. It giet om de twa mantsjes en in wyfke dy't yn augustus fûn binne by de Rottige Meenthe. De bistjes binne no by ottersaakkundige Addy de Jongh yn Ljouwert binne. Doe 't se oankamen, wiene se noch sa'n 900 gram, no binne se al hast twa kilo.

Ein dizze wike gean se nei Earnewâld. Dêrnei wurde se frijlitten; it leafst yn de Alde Feanen, dêr't dan noch wol maatregels nommen wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)