Doutzen: befalling yn Nederlân

20 sep 2010 - 16:15
  • Doutzen Kroes op it skoalplein fan OSG Singelland

Doutzen Kroes wol yn Nederlân befalle, dat hat se moandei yn Burgum sein. Se wie dêr op har âlde skoalle OSG Singelland. Doutzen fertelde dat se bliid is dat se wer in skofkte yn Nederlân is en dat it goed mei har en de poppe giet.

De learlingen fan it Singelland hâlden moandei in ynsammeldei foar Dance4life, dêr't se al in skoft mei dwaande binne. Doutzen Kroes set har yn foar Dance4life, in projekt dat omtinken freget foar Aids.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)