Soad fûgelgekken nei Flylân

Flylân is dit wykein oerspield troch hûnderten entûsjaste fûgeltsjeminsken út binnen- en bûtenlân. Sy kamen op de uterst seldsume noardske wetterklyster ôf dy't op it eilân delstrutsen is.
It bysûndere fûgeltsje komt oarspronklik út Noard-Amearika en wie foar de earste kear yn Nederlân te sjen. Sa no en dan dûkt de fûgel op yn Ingelân, mar yn de rest fan Europa hat er him de ôfrûne 200 jier mar fiif kear sjen litten. Hûnderten fûgelspotters reizgen dêrom nei Flylân.