Gemeentehûs Wolvegea duorsum

It tige enerzjysunige gemeentehûs fan Weststellingwerf
It gemeentehûs fan Weststellingwerf yn Wolvegea is sa sunich mei enerzjy dat der hast gjin gas nedich is om it gebou op te waarmjen. Dat docht bliken út ûndersyk fan enerzjybedriuw Essent.
Essent hat it gemeentehûs it saneamde enerzjylabel A takend. De gemeente brûkt waarmte en kjeld út de boaiem om it gebou op temperatuer te hâlden. De airco yn de sintrale hal is ferfongen troch in duorsume koelynstallaasje.