'Fryslân duorsum yn 2030'

20 sep 2010 - 10:34

Alle ynwenners fan Fryslân moatte yn 2030 duorsum libje kinne. Dat is de wichtichste doelstelling fan it Miljeuplan dat de provinsje moandei presintearre hat. Bedriuwen moatte oan de wetlike miljeunoarmen foldwaan en krije fan de provinsje ekstra romte om nij duorsume produksje mooglik te meitsjen. De provinsje stelt dêr ek jild foar beskikber.

LTO-Noard hat sels al ideeën foar in skjinnere, duorsumer lânbou by de provinsje yntsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)