Filmdoek Down South stikken

20 sep 2010 - 10:17
  • Fan it filmdoek is net folle oer....

It doek fan 'e drive-in bioskoop fan Tryater yn de Ljouwerter wyk Súdlannen is stikken. Troch it minne waar en de hurde wyn sit der in skuor yn it doek. De bioskoop is ûnderdiel fan it projekt Down South fan Tryater.

Alle freeds waarden der films op it skerm draaid. Dizze freed is der in filmmaraton fan 6 oeren. Om dat mooglik te meitsjen moat der in nij doek komme. It is ûndúdlik hoe grut de skea krekt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)