Speedboat te hurd by Burgum

20 sep 2010 - 09:37

Op de Burgumermar is snein twa kear deselde skipper út Dokkum oanhâlden, omdat hy fierstente hurd gie mei syn speedboat. De plysje wie dwaande mei kontrôles op de fiskerij, doe't de man opfoel troch syn hege snelheid.

De plysje wiisde de man op in plak fan de Snitsermar, dêr't wol hurdfearn wurde mei. De Dokkumer sei doe dat hy dêr hinne gean soe, mar letter op 'e middei waard hy dochs wer mei hege snelheid op de Burgumermar sjoen. Hy hat opnij in flinke boete krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)