Beswier Coos tsjin sluting

20 sep 2010 - 06:54

Eigner Bart Kuipers fan café Coos yn Ljouwert leit him net samar del by de sluting fan syn kafee. Ein ferline wike waard bekend dat de kroech yn de Doelesteech in moanne lang ticht moat fan de gemeente. Se krije de straf om't der drank skonken wurde soe oan minderjierrigen.

De opleine sluting giet op 1 oktober yn, mar kafee Coos kin noch yn berop gean. Wat se krekt fan doel binne wol eigner Kuipers noch net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)