Steigenga wint klassemint

Sierd Steigenga yn 2009 (argyffoto)
Sierd Steigenga is winner wurden fan it D.E.V. klassemint. De hurdfytser fan Eksmoarre hie snein yn de lêste fan de 24 wedstriden yn Emmen genôch oan in tredde plak om foar de tredde kear dit oerkoepeljende klassemint te winnen.
Yn Emmen waard in kritearium, in tiidritsje en in ôffalkoers ôfwurke. Pieter Postma fan Tsjerkgaast begûn as lieder oan de lêste wedstriid, mar troch in lekke bân sakke er nei it tredde plak. Umberto Atzori waard twad.