Wassenaar slacht lêste slach

19 sep 2010 - 16:18
  • Jacob Wassenaar (foto: Henk Bootsma)

Jacob Wassenaar hat snein op de Aldehoupartij yn Ljouwert syn lêste wedstriid yn de haadklasse keatst. Wassenaar sjocht werom op in suksesfolle keatskarriêre. Hy is ien fan de tolve winners fan it Klaverke Fjouwer. Dy krijt in keatser by winst op de Freule, de Jong Nederlân partij, de bûnspartij en de PC.

Wassenaar wol no genietsje fan it libben neist it keatsen. Johannes Boersma en âld-PC kening Johan van der Meulen binne snein ek ophâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)