Ien skoalle spesjaal ûnderwiis

De gemeente Hearrenfean krijt ien skoalle foar spesjaal ûnderwiis foar bern mei in gedrachssteurnis of in beheining. Der binne op dit stuit twa skoallen foar sok ûnderwiis op It Hearrenfean: ien foar it basis- en ien foar it fuortset ûnderwiis. Beide wurde aanst yn ien gebou oan 'e Domela Nieuwenhuisweg ûnderbrocht, njonken it AOC.
Der binne gjin protesten út 'e omkriten en der is draachflak foar de skoalle. Hy moat yn 2013 klear wêze.