'Stadige' barman bedrige

19 sep 2010 - 15:49

In 21-jierrige man út Utrecht is sneon yn Ljouwert oppakt. De bestelling duorre him te lang en hy pakte dêrom de barman by it shirt en bedrige him. In 21-jierrige Ljouwerter bemuoide him dermei, mar hy krige ek klappen fan 'e Utrechtener. Befeiligingspersoniel hat de man út Utrecht oan 'e plysje oerdroegen.

De Ljouwerter moast sels ek mei nei it buro. Hy hie earder dy jûns in jongeman (20) út Eastermar in brutsen noas slein. Dat wie yn deselde saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)