Fandalisme yn Wolvegea

19 sep 2010 - 15:37

De plysje hat sneontenacht yn Wolvegea twa jonges fan 15 en 16 jier jier oanhâlden foar fernielerij. In man en in frou rûnen oer de Julianawei en hearden in klap. Se seagen dat twa jonges dêr autospegels fernielden.

De tsjûgen giene achter de jonges oan en koene de âldste te pakken krije. Hy waard oerdroegen oan 'e plysje. De jongere koe letter dyselde nachts ek pakt wurde. Beide fertochten binne nei it plysjeburo oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)