Mishanneling nei foto meitsjen

Twa Ljouwerters fan 25 jier binne sneontenacht oanholden foar mishanneling. In 38-jierrige stedsgenoat seach dat beide manlju oan 'e Lieuwenbrug in parkeade auto fernielden. De 38-jierrige man makke foto's fan de twa. Dy seagen dat en gienen achter him oan. By syn wenning mishannelen se de Ljouwerter.
Ferskate plysjes kamen derby. Dy koene beide fertochten oanhâlde yn in wenning oan de Lieuwenburg. Sy sitte fêst op it buro.