Frituerfet: fytsers ûnderút

19 sep 2010 - 15:09

In amer mei frituerfet hat sneontemoarn foar oerlêst soarge op 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert. In besoarger hie de amer falle litten en dêrtroch rûnen liters fet oer de dyk. Dy waard sjippeglêd, sadat fytsers yn in slip rekken en foelen mei de fyts.

De plysje hat de strjitte in skoftlang ôfsletten foar ferkear. Meiwurkers fan in skjinmakbedriuw hawwe it frituerfet oprêden. Dêrnei is de dyk wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)