De Lemmer: brânstichter socht

19 sep 2010 - 14:51

Ynwenners fan De Lemmer wurde ynskeakele om in brânstifter yn it doarp te pakken. Boargemaster Stellingwerf ropt op om wach te wêzen. Yn it sintrum hawwe yn goed in heal jier tiid tusken de 30 en de 40 brantsjes west yn bygelyks konteners.

De boargemaster wol de dieder of dieders sagau mooglik pakke. Der is altyd in kâns dat in lyts brantsje in grutte brân wurdt. Boppedat binne de bewenners ûngerêst wurden mei al dy brantsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)