Hooghiemster wint yn Burdaard

Niek Hooghiemster (argyffoto)
Niek Hooghiemster fan de hurdfytsferiening De Friesche Leeuw hat sneon it kritearium fan Burdaard wûn. De Oentsjerkster fytste yn de lêste fjouwer rûntsjes allinnich oan kop, neidat Hooghiemster al earder yn de wedstriid in kopgroep fan trettjin hurdfytsers foarme.
Jan Bos fan Nijhoarne waard twad en Sierd Steigenga fan Eksmoarre makke it Fryske poadium kompleet.