Pasveerkorps bestiet 50 jier

19 sep 2010 - 14:13

It Pasveerkorps út Ljouwert fierde sneon it 50-jierrich bestean. It korps stiet al sûnt jierren heech oanskreaun. Neffens kenners is it ien fan de bêste showkorpsen fan 'e Benelúks.

Sûnt de oprjochting yn 1960 binne der wol wat saken feroare. Sa is it nivo in stik heger wurden, binne der oare ynstruminten bykaam en hat it korps no folle mear leden. Foar it feest spile it korps sneon op strjitte yn it sintrum fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)