Van Harte-miel yn skouboarch

Resto Van Harte hâldt snein yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert in moeting foar seishûndert minsken. Sy kinne foar in fergees miel oanskowe oan in 120 meter lange tafel. Doel is dat minsken yn 'e kunde komme mei elkoars kultuer en achtergrûn. Wethâlder Florijn iepent de jûn. Under it iten binne optredens fan ferskate artysten.
Van Harte is in restaurant op ideële grûnslach. Foar in lyts bedrach kinne minsken in waarm miel krije.