Tige seldsume fûgel op Flylân

Noardske wetterlyster
Fûgeltsjelju hawwe sneon op Flylân in noardske wetterlyster sjoen. Fûgelorganisaasje Sovon seit dat it tige seldsum is dat de fan oarsprong Noard-Amerikaanske fûgel yn Nederlân sjoen is.
It registrearjen fan bysûndere fûgels bart sûnt ein 19e ieu. Sûnt dy tiid is de noardske wetterlyster yn Europa allinnich sjoen yn Grut-Brittannië, Ierlân en Frankryk. Neffens Sovon wurdt Flylân snein oerspield mei fûgellju dy't it bistje sjen wolle.