Fertocht fan stellerij boat

18 sep 2010 - 14:29

Twa manlju binne yn 'e nacht fan freed op sneon yn De Pein oanhâlden op fertinking fan stellerij. De twa, in 23-jierrige man út Ljouwert en in 46-jierrige Wergeaster, besochten in boat te stellen. De eigner seach de twa oan de gong by syn boat oan 'e Leidyk en warskôge de plysje.

De Wergeaster waard troch de plysje út 'e reiden weihelle. De Ljouwerter siet beskûl ûnder it dekseil fan in oare boat. Beide manlju sitte noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)