GL leden nei nije partij

17 sep 2010 - 21:12

De GrienLinks riedsleden Maurits Hettinga en Hille Faber fan Nijefurd binne oerstapt nei de nij oprjochte politike partij Feriene Lofts.

Hettinga en Faber kinne har net fine yn it stânpunt fan GrienLinks oer de Fryske weryndieling. De lanlike fraksje hat sawol yn de Twadde as yn de Earste Keamer ynstimd mei de weryndieling. Beide riedsleden fan GrienLinks yn Nijefurd hawwe har dêr bot tsjin ferset. Beide manlju komme foar de kommende ferkiezings op de list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)