Minder minsken út hûs set

17 sep 2010 - 20:22

Nettsjinsteande de ekonomyske krisis wurde der hieltyd minder minsken it hûs útset. Dat docht bliken út de jierlikse sifers fan de feriening fan wenningboukorporaasjes. Lanlik sjoen waarden yn 2009 14 prosint minder minsken út harren wenning set.

Yn Fryslân is in fergelykbere delgong te sjen. Mei dy positive berjochten binne der lykwols wol nije groepen dy't it swier ha. Benammen ZZP'ers en gesinnen mei ien kostwinner meitsje swiere tiden troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)