Jeugdoerlêst NE-Fryslân lytser

De jeugdoerlêst yn it Noardeasten fan Fryslân is de lêste jierren behoarlik lytser wurden. Dat blykt út it jierlikse feilichheidsrapport fan de plysje. It tal meldings fan oerlêst troch jeugd yn Dongeradiel is ferline jier de helte werom rûn.
It tal klachten leit no ûnder de hûndert, wylst de ôfrûne jierren de jeugd yn Dokkum gauris negatyf yn it nijs kwaam. Gemeenten en jongerewurk wurkje sûnt trije jier mei-inoar gear en dat begjint fertuten te dwaan.