Crone slút Bar Bodega Coos

Bar Bodega Coos yn de Ljouwerter Doelesteech wurdt troch boargemaster Crone tydlik sletten. Yn de kroech is skonken oan minderjierrigen, wêrby't in famke fan 14 bûten westen rekke is.
By it kafee yn de binnenstêd hawwe har de ôfrûne moannen ek ferskate fjochtpartijen foardien. De ynsidinten binne foar boargemaster Crone fan Ljouwert oanlieding om it kafee foar fjouwer wike te sluten, fan ien oktober ôf. Bar Bodega Coos mei pas op 29 oktober wer iepen.