Eksport poatjirpels is let

17 sep 2010 - 12:24

Boeren yn lannen as Pakistan, Syprus, Bangladesj, Sûdan en Saûdy-Arabië sitte fergees te wachtsjen op poat-ierappels út Fryslân. Troch it minne waar fan de lêste wiken is noch mar 50 persint fan de jirpels út de grûn.

De boeren yn it bûtenlân binne alwer oan it setten fan 'e jirpels ta, mar dat kin dus net trochgean. Eksporteur HZPC fan De Jouwer kin op it stuit net oan de fraach foldwaan. Meikoarten moat ek de ferkeap nei Kuba op gong komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)