Plysje: oanjefte op ynternet

17 sep 2010 - 10:44

Om besunigings op te heinen wol de plysje fan Noardeast-Fryslân faker gebrûk meitsje fan frijwilligers en firtuele loketten. Teamsjef Gerrits pleitet foar it faker dwaan fan oanjefte op ynternet.

Frijwilligers mei ûnderfining yn it gearstallen fan dossiers soene de plysje ek helpe kinne, tinkt Gerrits. No giet der noch in soad tiid hinne mei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal. Snije yn it personielsbestân is net mooglik, sa fynt de teamsjef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)