Nijbou Pranger-Rosier Ljouwert

Ynstallaasjebedriuw Pranger-Rosier lit de kommende moannen in nij gebou delsette yn Ljouwert. Fanút it nije pand by Crystalic sil ûnder oare in part fan it persoaniel fan de haadfestiging yn Dokkum wurkje.
Utwreiding dêr wie in probleem. It giet yn Ljouwert benammen om de ûnderhâldstsjinsten. De nije húsfesting wurdt hast 1300 kante meter grut, en sil duorsum en CO2-neutraal wêze. De bou moat maart takom jier klear wêze.