Ynbraak yn winkels Grou

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn in winkel oan de Dimpte Haven yn Grou. Dat wie yn de nacht fan tiisdei op woansdei. De dieven namen skuon mei. It is de plysje noch net rjocht dúdlik hoe't de ynbrekkers krekt de winkel ynkommen binne.
By in seilmakkerij, ek oan de Dimpte Haven, namen ynbrekkers in tillefoan en in tillefyzje mei. De plysje wol yn kontakt komme mei minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe.