Drugsaksje plysje op 'e Weaze

17 sep 2010 - 09:40

De plysje hat tongersdei in aksje hâlden op de Weaze yn Ljouwert om de drugsoerlêst dêr tebek te kringen. In Ljouwerter (33) waard oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan de hannel yn harddrugs. De man hie seis boltsjes drugs by him. Dy binne yn beslach nommen. De man sit noch fêst.

De plysje treedt de lêste moannen faker op om drugsoerlêst oan te pakken. Tsientallen hannelers binne by dy aksjes al oanhâlden, sa seit de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)