170 griene proefritten

© Omrop Fryslân
It ferkearssirkwy Drachten stie tongersdei yn it teken fan de griene auto's. Mear as 170 Fryske ûndernimmers makken in proefrit yn weinen dy't ride op biogas, elektrisiteit of biodisel.
Der kin al op sân plakken yn de provinsje duorsume brânstof tankt wurde en der binne plannen om op noch fjouwer plakken tankstasjons te bouwen. It doel fan de dei wie om it griene riden en farren te promoatsjen.