Bern Skarsterlân oan de slach

Skoalbern fan Skarsterlân kinne harren ynkoarten ynskriuwe foar allerhanne sport- en kultueraktiviteiten yn de gemeente. Skarsterlân hat nammentlik in unyk projekt mei it gearwurkingsferbân Underwiis, Sport en Kultuer opset.
De aktiviteiten kinne sawol ûnder skoaltiid as dêrnei plakfine. Studinten fan it CIOS helpe by de organisaasje en útfiering fan de sportprojekten. It projekt kostet in ton.