Mooglik winning grien gas

16 sep 2010 - 21:29

Kompostearbedriuw Orgaworld wol oer in pear jier grien gas winne út Frysk GFT-ôffal. Orgaworld is al meardere jierren aktyf yn Drachten en hat dêr in kompostearringsynstallaasje. It bedriuw soe neffens ferwachting goed trije miljoen kubike meter grien gas yn it jier produseare kinne yn Drachten.

Orgaworld sil no earst begjinne mei in saneamd helberensûndersyk. De resultaten fan it ûndersyk wurde oan de ein fan dit jier ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)