Rinsma twadde by ferkiezing

16 sep 2010 - 20:04

Kleanwinkel Rinsma Fashion is tongersdei twadde wurden by de ferkiezing fan it bêste famyljebedriuw fan Nederlân. De sjuery wie benammen te sprekken oer it persoanlike ûntwikkelingsplan dat de winkel foar harren meiwurkers hat. En ek de kar om op ien plak te bliuwen waard wurdearre.

Oannimmersbedriuw Van Doorn út Geldermalsen is úteinlik earste wurden. Rinsma krige foar har twadde plak in oarkonde en in glêzen plaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)