Frou bestellen fan beurs

16 sep 2010 - 19:30

In 82-jierrige frou fan Stiens is moandei bestellen fan har beurs. Twa manlju stapten op de frou ôf nei't se pind hie. Se hiene in plattegrûn yn 'e hân en stelden de frou allegear fragen oer lokale bedriuwen. Ien fan de manlju begûn ek te praten oer syn gebit dêr't in protte kiezzen út misten.

Doe't de frou by har flat oankaam stapten de manlju by har yn de lift. Thús kaam se der achter dat har beurs fuort wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)