Aldereinkompjûter net populêr

16 sep 2010 - 19:09

Fryslân rint noch net waarm foar de spesjale kompjûters foar âlderein. Tongersdei waarden de kompjûters mei touch-skerm en ekstra grutte knoppen foar it earst oan it grutte publyk presentearre yn de bibleteken fan Stiens en Ljouwert.

Dêr kamen net mear as 30 belangstellenden op ôf. De kompjûters moatte der foar soargje dat ek de minsken dy't oant no ta neat mei kompjûters dogge it ynternet op kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)