WK-toerbus op It Hearrenfean

16 sep 2010 - 17:14

Mei in spesjale WK-toerbus moatte Hearrenfeansters opwaarme wurde foar it WK fuotbaljen. Sa wurdt oandacht frege foar de kandidatuer fan Nederlân en België yn 2018 of yn 2022.

It Hearrenfean is ien fan de plakken dêr't WK-wedstriden spile wurde sille. Filmkes fan de 'wavende' minsken wurde op ynternet set. De meast orizjinele wave wint in priis. It minne waar liket de minsken wol te beynfloedzjen, want ôfrûne sneon yn Gent hie it team mei sinneskynwaar gâns mear wavers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)