Spuiterij Elzinga Keninklik
Spuiterij Elzinga yn Jirnsum mei sûnt tongersdei it predikaat Keninklik brûke. It bedriuw bestiet 150 jier en neffens de keninginne foldocht it bedriuw oan alle easken om him hofleveransier te neamen. It is fan ûnbesprutsen gedrach en is wichtich foar de regio.
De fyfde generaasje Elzinga stiet no oan it roer en hat de lêste jierren flink ynvestearre om de takomst seker te stellen.